DOKKUM – Commissaris van de Koning Arno Brok heeft Johannes Kramer in Dokkum officieel geïnstalleerd als eerste burgemeester van de nieuwe gemeente Noardeast-Fryslân. Hij neemt het stokje over van waarnemend burgemeester Hayo Apotheker.

De familie Kramer werd bij bij Sibrandahûs verwelkomd door een speciaal ontvangstcomité, bestaande uit onder andere locoburgemeester Engbert van Esch en kinderburgemeester Marije Adema. Vervolgens was er een tour met politie-escorte, sjees en paardentram die eindigde bij het stadhuis aan de Suupmarkt in Dokkum.

Op de Zijl zongen ruim tachtig leerlingen van de Nynke van Hichtum in Dokkum, De Bining Westergeest en Op ‘e Trije Ferwert een welkomstlied ‘Samen staan we sterker’ 

onder leiding van Feike van der Zee en beiaardier Auke de Boer. Na de installatie in de Grote Kerk stelde Kramer dat hij deze prachtige gemeente goed wil leren kennen.

,,Myn earste taak is yn de kunde komme mei jim en alle oare ynwenners, bedriuwen en ynstellingen yn de gemeente. Ik wol oanhearre en fragen stelle, my in byld foarmje.’’

Hij noemde ook al een paar hoogtepunten voor het komende jaar. ,,Yn april is it 75 jier lyn dat ús gemeente befrijd wurden is. Wy sille dêr ek gepast by stil stean. De 

Binck Banck tour start yn augustus en wy sille as gemeente in beslût nimme oer de nije húsfesting. Samar wat saken foar 2020, wêr’t noch in protte al bekende en faaks ek no noch net bekende hichtepunten bykomme sille. Ik hoopje jo by dy gelegenheden en ek by oare gelegenheden te moetsjen.”

Een eerste kennismaking met De Westereender heeft inmiddels plaats gevonden. Voor een uitgebreid interview met de nieuwe burgermeester van Noardeast-Fryslân, lees dan verder onder de foto.

 

,,Ik tink dat ik my hjir wol thús fiele sil yn Noardeast-Fryslân’’, seit Johan- nes Kramer (52), dy’t as deputearre fan de provinsje Fryslân bekend is mei it gebiet. It waard tiid foar wat oars foar Kramer. It boargemasterskip lonket, mar wat foar kar hast as FNP’er dy’t mei hert en siel fêst sit oan Fryslân? ,,Net elke gemeente past by my, mar by Noardeast-Fryslân hie ik fuort in goed gefoel. Dizze kâns woe ik dan ek net sjitte litte.’’

Wat fine jo sa moai oan dizze regio?
,,De minsken. De positive grûnhâlding. Minsken wachtsje hjir net ôf, mar pakke troch. Dat sjochst mei grutte projekten, lykas Holwerd aan Zee. Dit is in hiele ûndernimmende streek.
Hjir hâldt de wrâld net op. Hjir begjint it! Mar ek de autentike omjouwing sprekt my oan. De Wadden, it Lauwersmar, de Súd Ie en de prachtige stêd Dokkum. Ik bin der lêstendeis efkes mei myn húshâlding west op sn-eintemiddei en de bern seinen: wat is it hjir moai!’’

Wolle se wol ferhúzje nei Noardeast- Fryslân?
,,Dêr moast ik earst wol even oer prate fansels, mei myn frou Christina en fjouwer bern fan 16, 13, 11 en 9 jier. Ik bin hikke en tein yn Gaasterlân en wy wenje no yn Sibrandabuorren. Myn frou stiet efter my en de bern witte dat in ferhuzing mei myn berop boppe de holle hinget. We ferhúzje yn de simmerfakânsje, dan kinne de bern mei skoalle in nije start meitsje. It falt my oant no ta mei hoe’t de bern reageare, mar se sille earst wol harren draai fine moatte.’’

Wêrom wolle jo graach boargemaster wurde?
,,Ik hâld fan minsken en ik

 

 

tink dat we tankber wêze moatte dat de oerheid yn Fryslân, noch sa ticht by de minsken stiet, ek al wurdt der wolris op om seurd. As boargemaster bist in spin yn it web en wat my oansprekt is dat ik no wat mear út de politike skynwerpers stean. In boargemaster hat mear in stypjende rol en it wichtichste is: ik bin boargemaster foar álle minsken yn Noardeast-Fryslân.’’

Jo wurde de earste boargemaster fan Noardeast-Fryslân. Wat fine jo dêr fan?
,,Dat we fan trije gemeenten nei ien gien binne, fyn ik moai. Ik hâld fan útdagingen. Myn doel is dat alle ynwenners harren belutsen fiele by de nije gemeente en dat se ek sjogge dat de tsjinstferliening better wurdt. As nije gemeente moatte wy ús wol bewize. It giet net automatysk. Yn elk gefal moat de sfear goed wêze. Dat is nedich om in goeie gemeente del te setten.’’

Wat binne jo plannen mei de gemeente?
,,Earst moat ik my oriënteare. Goed lústerje nei de minsken. De leefberens fan de hele regio fyn ik wichtich. As deputearre hie ik leefberens 

 

yn myn portefúlje en as ik sjoch wat hjir al bard is, bygelyks yn Kollum, it Súd Ie projekt en de berikberens troch de Sintrale As dan bin ik dêr grutsk op. Mar ek de gearwurking mei oare partijen is goed, sjoch nei Anno I en II en no Ternaard. As boargemaster wol ik dêr graach in ferbinende rol yn spylje.’’

Jo binne de lêste tiid in soad yn it nijs west oer de boeren. Hoe sjogge jo dêr op werom?
,,Ik bin boeresoan fan komôf. It siet net yn my om boer te wurden, mar ik wit hoe’t it rûkt op ‘e pleats. Troch myn wurk bin ik wol bot by de lânbou belutsen en dat fielt fertroud. Ik fyn it machtich wat der bart yn ‘e lânbou, asto ek sjochst nei agrarysk natuerbeheer. En elke boer docht it op syn eigen wize. Ik wol dan ek graach meí de boeren prate, nei harren lústerje. Yn ferbining mei de boeren sykje nei in oplossing. Ik sjoch dat as in moaie ôfsluting fan myn wurk as deputearre.’’

Wat wolle jo noch kwyt oan ‘e lêzers fan De Westereender?
,,Gean moai sa troch, bliuw sûn en de kop derfoar hâlde mei syn allen!’’