25 doarpen yn Noardeast-Fryslân krije op 1 jannewaris 2023 in nije Fryske namme. Dat stiet yn it ynfieringsplan Fryske Plaknammen dat it kolleezje tiisdei 8 juny fêststeld hat.
It giet om de doarpen:
Aalsum, Anjum, Augsbuurt, Bornwird, Ee, Engwierum, Hantumeruitburen, Hantumhuizen, Hiaure, Holwerd, Kollumerzwaag, Lioessens, Metslawier, Morra, Niawier, Oosternijkerk, Oostmahorn, Oostrum, Oudwoude, Paesens, Triemen, Veenklooster, Waaxens, Westergeest en Zwagerbosch.
De nammen wurde:
Ealsum, Eanjum, Augsbuert-Lytsewâld, Boarnwert, Ie, Ingwierrum, Hantumerútbuorren, Hantumhuzen, De Lytse Jouwer, Holwert, Kollumersweach, Ljussens, Mitselwier, Moarre, Nijewier, Easternijtsjerk, De Skâns-Oostmahorn, Eastrum, Aldwâld, Peazens, De Trieme, Feankleaster, Waaksens, Westergeast, Sweagerbosk.
De gemeenteried hat frege om Fryske plaknammen
De gemeenteried hat yn de riedsfergadering fan 20 septimber 2020 in amendemint fan de ChristenUnie en de FNP oannaam oer de ynfiering fan Fryske plaknammen. Yn it amendemint wurdt doarpen ek de romte jûn om te kiezen foar in histoaryske- of dialektnamme. In mearderheid fan it doarp moat hjir dan foar wêze. De bestjoeren fan doarpsbelangen binne hjiroer ynformearre en binne yn de gelegenheid steld om te reagearjen. Op basis hjir fan hat it kolleezje in ynfieringsplan makke.
Achttjin doarpsbelangen en in oantal ynwenners ha in reaksje stjoerd nei de gemeente
In tal bestjoeren hat oanjûn om histoaryske redenen tsjin de ynfiering fan de Fryske plaknamme te wêzen. Oare doarpen wolle de Nederlânske namme behâlde of jouwe oan de twatalige plaknammebuorden behâlde te wollen. Yn de brief dy’t de doarpen krigen ha yn febrewaris is oanjûn dat wannear’t doarpen net reagearre it kolleezje der fanút giet dat se ynstimme kinne mei de Fryske plaknamme. Tsien doarpen ha net reagearre.
It kolleezje stelt foar om foar de doarpen yn de easthoeke fan de gemeente (Burum, Munnekezijl, Warfstermolen en Kollumerpomp) de Nederlânske namme te behâlden. De oare doarpen krije in Fryske plaknamme.
It wizigjen fan de plaknammen kostet de gemeente 448.000 euro
In diel fan de kosten wurdt betelle út subsydzje fan de provinsje en besteande budzjetten.
€ 408.000 komt út de de werferdielingsfergoeding.
De nij nammen wurde op 1 jannewaris 2023 ynfierd
De ynfiering fan de plaknammen yn de gemeentelike applikaasjes freget in goede tarieding en dit kostet tiid. De tarieding en de ynfiering sille dêrom yn 2021/2022 plakfine sadat de nije plaknammen mei yngong fan 1 jannewaris 2023 jilde kin. Doarpsbelangen, ynwenners en bedriuwen ha dan ek foldwaande tiid om harren ta te rieden op de nije situaasje.
Op de buorden komt allinich de Fryske namme
De fêststelde plaknamme komt op it plaknammeboerd. Yn it eardere Ferwerderadiel stiet allinich de Fryske namme op it plaknammeboerd. Yn de oare eardere gemeenten stiet de Fryske namme ûnder de Nederlânske namme. It kollege stelt foar om yn de nije situaasje te kiezen foar ien namme op it boerd.
Ek oare buorden wurde oanpast
Neist de plaknammebuorden binne der noch in soad oare buorden yn de gemeente wêr’t in plaknamme op stiet. It giet dan bygelyks om fytsrûtebuoarden en oare ferwizingsbuorden. Ek dy sille yn de rin fan de tiid troch de gemeente oanpast wurde.
De gemeenteried hat it lêste wurd
De gemeenteried praat op 8 july oer it ynfieringsplan.