KOLLUMERZWAAG – De 19-jarige Jellie van der Beek maakt bijzondere beeldjes: herdenkingsbeeldjes met daarin as en/of haar van een overleden dier of mens. Eerder was ze al bezig met epoxy, maar toen haar hondje kwam te overlijden, verwerkte ze Spikey zijn haar in de epoxy. Dat resulteerde in een bedrijf binnen de uitvaartbranche.

Hoe zien de beeldjes eruit?
“De byldsjes binne der yn allerlei foarmen en maten: hartsjes, hûnepoatsjes, flinders, sleutelhangers. Dat kin mei jiske of mei hier. Minsken leverje de jiske by my oan, dat ming ik yn epoxy en jit it dan yn in mal. At it dan úthurde is wurkje ik it ôf. Der kin ek in namme, in stjer, in hartsje of geboartedatum op de efterkant. De jiske sjochst echt yn de foarm sitten. It binne gjin urnen, want dy kinst iepen meitsje.”

Sinds wanneer ben je hiermee bezig?
“Ik wie al begûn mei it wurkjen mei epoxy, omdat ik dat op sosjale media sjoen hie en it in moai materiaal fûn. Doe’t ús eigen hûntsje kaam te overlijden woe ik wol hiel graach wat taastbers ha, wat echt by my bleaun. Doe bin ik op it idee kaam om hierkes te brûken, en dat is der hiel goed útkaam. Dêrnei kaam de fraach of’t ik ek jiske brûke koe. Sûnt novimber bin ik hjir echt mei dwaande. Ik ha oant no ta sân bestellingen hân, mar der binne in oantal organisaasjes dy’t neitinke oer in gearwurking.”

Wat voor reacties krijg je?
“Minsken freegje my wol ris: hoe

kinsto dat op sa’n jonge leeftiid? Mar ik fyn it moai dat ik minsken iets bringe kin wat se foar altyd by harren hâlde kinne en wat foar altyd bliuwt. Do kinst it wol falle litte mar it giet hast net stikken. Ik hear hiel faak dat minsken it hiel bysûnder fine. De measten ha it ek noch noait sjoen.”

“6 novimber stie ik noch op in rou-event yn Jubbegea, mei in soad produkten dy’t passe by in útfeart. Ik kriich in soad positive reaksjes op it produkt. Ien frou waard emosjoneel en begûn te gûlen, omdat sy miskien ôfskied nimme moast fan har hûntsje. Sy fertelde dat in freondinne ek sa iets hie mei jiske deryn, en dat naam 

se altyd oeral mei nei ta.”

Stond je van tevoren stil bij dat soort reacties?
“Nee, net echt. It is fansels in hiele emosjonele business. It komt hiel tichtby. Do bist yn myn eagen mei hiel taastber spul dwaande, omdat it ien syn dierbere west hat. Ik meitsje net allinnich foar bisten mar ek foar minsken betinkingsbyldsjes.”

Wil je nog meer producten op de markt brengen?
“Ja, de byldsjes dy’t ik no meitsje binne best wol grut en prizich. Dit jier wol ik ek sjen nei lytsere dingen, sadat minsken dy’t niet in soad te besteegjen ha dochs wat keapje kinne mie harren dierbere dêryn. Wol meitsje ik no biddeltsjes en kralen foar om in earmbantsje. Dêr kin jiske of hier yn. Beide kin ek. Der binne in hiel soad mooglikheden. Ek sûnder jiske kinne wy wurkje. Dat folle wy dan op mei skulpesân. Vasthouden wat niemand ooit wil loslaten, dêr giet it by Beloved Memories om.”

Meer informatie vind je op www.belovedmemoriesfriesland.nl.