WESTERGEAST – Over verzetshelden zijn bibliotheken volgeschreven. Over ‘foute’ Nederlanders zwijgt men liever. Van dr. Oebele Vries (75) uit Westergeast verschijnt deze maand ‘In Ekstremist út Westergeast’. Het is al zijn tweede studie over een dubieuze streekgenoot. Na zijn portret van de Friese NSB-burgemeester Gerben Feitsma van Kollumerland (2008), richt hij zich nu op Jan Bartele Vries.

‘It is altyd de fraach hoe’t jo sels west hienen ûnder dy omstannichheden’

Hetzelfde dorp, dezelfde achternaam, ‘Vries zonder de’, dat kan geen toeval zijn. Oebele is dan ook in de verte familie van Jan Bartele. ,,Jan wie in achterneef fan ús pake. Syn heit Klaas en ús pake Oebele wienen beide boer yn Westergeast, mar se hienen net folle gedoente, want Jan syn famylje wie otterdoks herfoarme, streng kristlik. Yn myn jonge jierren waard wolris oer him praten, en net min. Jan wie in aardige fint, hiel grut, ôfgryslike fleurich en sa Frysksinnich dat syn Hollânske faam Frysk leare moast. Hy koe goed leare en studearre yn Wageningen ôf as lânboukundich ingenieur. Mar ja, it einige der altyd mei dat er hiel fûl achter Hitler oanrûn en yn Dútslân omkaam by in bombardemint.’’
 
‘It lei hiel gefoelich’
Tijdens zijn studie in Groningen kwam Oebele Vries de naam Jan Bartele vaker tegen, bijvoorbeeld in de ‘praatrûnte’ van studinteselskip Bernlef over Friese fascisten. Ook kwam hij wel eens bij dorpsgenoot Johannes Minnema, de befaamde ‘stientsjesiker’, die getrouwd was met een zuster van Jan. ,,Wy hienen it wolris oer him, mar ein jierren sechstich lei dat noch hiel gefoelich, dus ik doarde der net op troch te freegjen. En har mem wenne by harren yn en as dy derby kaam te sitten, dan wie it gau dien. Dy woe absolút gjin wurd oer har soan hearre en hat nei syn dea alles fan him fuortgoaid. It wie in grut trauma foar har, syn reputaasje en hoe’t er omkaam is.’’
 
Wie ook niets meer van Jan wilde weten, was zijn weduwe, Gerda Vries-Muller. En dat is begrijpelijk, vindt Oebele Vries. ,,Sy is nei de oarloch hiel bot ôfrekkene op wat har man dien hat. Sy bleau sitten mei trije jonge famkes, mar rekke har ynkommen kwyt, omdat har widdo-pinsjoen fanwege syn oarlochsferline stopsetten waard. En har eigen famylje spuide op har. Sy waard as in paria útkotst, kinst wol sizze en sy koe allinnich noch by har skoanfamylje terjochte. Dêr koe se net mei oerwei en nei in pear jier is se troch in broer wer nei Doetinchem helle.’’
‘Hy wie in dominante man’
Oebele Vries stuurde haar in 1997 een brief, omdat hij graag met haar wilde spreken over Jan Bartele. Zij belde terug: hij mocht niet langskomen. In dat telefoongesprek wilde ze wel enkele vragen beantwoorden. ,,En wy ha noch aardich lang praat. Mar sy wie sá negatyf oer Jan Bartele, sy hie it leafst syn hiele bestean útwiske. Hy wie ek in hiel dominante man. By it kiezen fan nammen foar harren trije dochters bygelyks, hie sy neat yn te bringen. Jan Bartele ferneamde by it earste famke syn mem en beppe, by it twadde wer syn mem en by it tredde syn doe krekt ferstoarne heit en syn beppe en oerbeppe fan heitekant. Dochs hat sy wol hiel bot fan him hâlden, tink ik, sy neamde him ek in idealist. Sy is stoarn yn 2000, mar woe net njonken har man begroeven wurde.’’
 
Uit het boek komt een beeld naar voren van een man die mateloos is in zijn overtuigingen en die niet voor niets een extremist wordt genoemd. Jan Bartele wijdde zijn studie en werkzame jaren aan Friese kippenrassen, maar was evenzeer in de ban van het Oera Lindaboek, witte wijven, wichelroedes en het nationaalsocialisme. ,,Hy bewûndere Hitler, dêr moasten de Friezen har neffens him by oanslute. Hy siet ek al hiel gau by de NSB neidat er yn Wageningen oan de stúdzje begûn. Hoe’t er dêrta kaam is, dat wit ik net. Hy hat him dêr noait oer útlitten, mar ik tink dat er him ôfsette woe tsjin syn otterdokse fermidden. Hy hat wol in radikaal oare kant keazen en dêrnei echt konsekwint de ferkearde keuzes makke. Om him ôf te setten hie er ek kieze kinnen foar de katolike tsjerke, dan wie it allegear hiel oars rûn.’’
 
‘Jan wie in grutte rassist’
Oebele Vries laat er geen misverstand over bestaan hoe hij denkt over de gedachtewereld van Jan Bartele Vries. ,,Ik smyt syn tinkbylden fier fan my, fansels, mar it is altyd de fraach hoe’t jo sels west hienen ûnder dy omstannichheden. Soks wit gjin minske, de tiidgeast kin jo samar meislepe. As persoan is er my net ûnsympatyk, mar hoe’t in 
ingenieur achter sokke belachlike ideeën oanrinne kin, dêr kin ik net by. Sa hat er mei Gerda sels in nacht op in heidefjild yn Drinte omrûn, om wite wiven te sjen.’’
 
Waren ze tijdgenoten geweest, dan waren ze zeker geen vrienden geworden, stelt Oebele Vries met nadruk. ,,Jan wie in grutte rassist, dat hat er tink ik skipe fan de rasselear by de hinnefok. Hy wie antysemyt, mar hat gjin minsken oanjûn, dêr haw ik neat oer fine kinnen. Mar hoe’t er leauwe koe dat it Oera Lindaboek wier wie, bygelyks, dêr begryp ik neat fan. Ik bin der oait sels yn begûn, mar haw it gau wer dellein. It wie sa dúdlik nep. Ik tink dat Jan foaral hiel nayf wie. Hy liet him ek meislepe troch de Dútske professor Wirth, syn grutte goeroe. Dy leaude ek yn it Oera Lindaboek.’’ 
 
Jongste dochter leeft nog
De jongste dochter van Jan Bartele leeft nog. Zij was lang tegen een boek over haar vader, omdat het gezin door hem een vreselijk leven had. ,,Ik tocht by mysels, dan sammelje ik gewoan alles wat ik fine kin, foar it archyf. Ik fûn doe ek dat ik noch te min materiaal hie, mar letter krige ik ynformaasje út twa brievekolleksjes dy’t alle hiaten opfulden. Doe’t de koroana begûn en ik net nei de Fryske Akademy koe om myn wurk te dwaan, bin ik gewoan begûn te skriuwen.’’
 
,,Ik fûn it belangryk dat it fêstlein waard, it libben en de tinkwrâld fan dizze man. It wie my hast in plicht om dat te besykjen, hy fassinearre my en ik wist ek dat der net in oar wie dy’t dit sa oppakke koe. Ik tocht by mysels: dan leit der yn elk gefal in manuskript, miskien dat dêr oait nochris wat mei dien wurde kin. Mar doe’t ik it klear hie, haw ik nei tsien jier wer kontakt mei de dochter opnaam. Ik sei: ik moat jo wat bekenne. Ik haw dochs in boek skreaun oer jo heit en ik wol it wol graach útjaan. Hoe tinke jo dêr oer? ‘Toe dan maar’, sei se. ‘En wilt u mij dan alstublieft een exemplaar sturen? Ik sei: it is wol yn it Frysk. No, dat koe se wol lêze.’’
Dit bericht is gepost in 2023. Bookmark de link.